Fertale

Fertale: dat is folle mear as wurden oersette fan de iene nei de oare taal. Tt moat ek minstens sa goed klinke, en noch wichtiger, itselde betsjutte. Wolst der fansels wis fan wêze dat dyn tekst yn de doeltaal itselde betsjut as yn de boarnetaal. Wolst dyn tekst fertaald ha fan it Nederlânsk nei it Frysk, of oarsom? Dat doch ik graach foar dy!

Frysk op de stúdzje

Op de middelbere skoalle hie ik Frysk yn myn fakkepakket sitten en ha ik dêr eksamen yn dien. Mei in passy foar alles wat mei taal te krijen hat, hie ik de ambysje om ek myn twadde memmetaal goed behearskje te kinnen. Doe’t ik seach dat ik yn myn stúdzje Nederlânsk in minor Frysk dwaan koe, wie dy kar dan ek fluch makke.

Underfining op ferskillende gebieten

Underwilens ha ik ûnderfining mei it skriuwen en fertalen fan ferskillende soarten teksten: ik ha myn nicht holpen mei it fertalen fan har gelofte nei it Frysk, omdat har freon Frysk is en sy him graach har gefoel úterje woe yn de taal fan syn hert. Foar har wie it fansels hiel wichtich dat har gefoel yn it Frysk noch likegoed oerkaam. Fierder ha ik tegearre mei Sanne van Balen, dy’t ûnder oaren dichtet yn opdracht, har gedicht oerset nei it Frysk. Dat wie in moaie útdaging: by in gedicht is it net allinnich belangryk dat it yn it Frysk noch itselde betsjut, mar it moat dêrneist ek goed klinken bliuwe. Fierder ha ik ferskillende websides sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk produsearre (sjoch bygelyks www.taalburopopkema.nlen wurke ik in perioade by Omrop Fryslân, dêr't de measte kommunikaasje yn sawol Frysk as Nederlânsk is.

Frysk skriuwe

Wolst dyn tekst graach yn it Frysk, mar hast him ek noch net yn it Nederlânsk? Bygelyks omdatst it lestich fynst om dy te uterjen yn it Nederlânsk, mar muoite hast mei skriuwen yn it Frysk? Ek dan kinst by my oankloppe: ik help dy mei it skriuwen fan de perfekte tekst. Tegearre komme we der wol!

Sin oan in bakje tee en in goed petear?

Ik skriuw ek in Blog