Social media
Om (potinsjele) klanten te bereken is social media essinsjeel. Mar hast it eins al druk genôch, wanneer moatst dêr tiid foar meitsje? Wêroer moatst allegear poste en hoe faak? Ik nim it wurk graach foar dy út hannen. Troch in kontentkalinder te meitsjen, posts passend by de kanalen te skriuwen en op de bêste mominten foar dy te pleatsen.
Each foar
social media
By it begjin begjinne
Litte we by it begjin begjinne: wa is dyn doelgroep en hokker boadskip wolst op dyn doelgroep oerbringe? Ik tink graach mei dy mei oer de kanalen dy’tst hjirfoar it bêste brûke kinst, de bêst passende toan en/of styl fan dyn berjochtjouwing en fansels de ûnderwerpen dy’tst brûkst yn dyn berjochtjouwing. It begjint allegear mei in goed social mediaplan.
Kontentkalinder
Doel, doelgroep, kanalen dúdlik? Moai, dan is it tiid foar de folgjende stap: in kontentkalinder. Op in kontentkalinder wurkje ik út hokker ûnderwerpen op hokker kanalen en op hokker mominten pleatst wurde. Passend by dyn doelgroep en ynspyljend op de aktualiteit. Mei in goeie kontentkalinder kinst goed foarútsjen en effisjint berjochten pleatse.
Kontent meitsje
Mei in plan binne we der fansels noch net. Dan is der noch kreativiteit nedich foar goeie posts. Dat doch ek ik graach foar dy: ik skriuw de berjochten foar de ferskillende kanalen, sykje der in passend byld by en plan se op de bêste mominten yn. En do? Do hâldst genôch tiid oer foar dyn oare wurksumheden.
Wat kin ik foar dy dwaan?
Hast dyn doel, doelgroep, kanalen, dyn hiele plan al dúdlik, mar sikest allinnich ien dy't it wurk út hannen nimt en berjochten foar dy skriuwt en pleatst? Of wolst graach dyn eigen berjochten skriuwe, mar witst net goed wêr te begjinnen? Stjoer my dan ek in berjocht. Litte we tegearre besjen wat ik foar dy dwaan kin.