Skriuwe
Fan nijsbrief, oant blog, oant artikel. Fan webside, oant ûndersyk, oant jierplan. Komst der net hielendal út? Of hast der gjin tiid foar? Om watfoar tekst it ek giet: ik help dy graach mei it skriuwen of redigearjen fan dyn tekst.
Each foar
skriuwe
De goeie boadskip oerbringe
Hast in winnende tekst nedich, bygelyks foar op dyn webside of op in flyer? Wolst mei in artikel minsken ynformearje oer in bepaald ûnderwerp? Of just oertsjûgje? Ik help dy dêr graach by. Troch te sjen nei dyn doel en doelgroep soargje ik derfoar dat der in passende tekst komt wêrmei’tst de goeie boadskip oerbringst.
Fan saaie ûnderwerpen libjende teksten meitsje
Ien fan de moaiste kompliminten dy’t ik ea krigen ha, is dat ik de teksten ‘oan it dûnsjen’ meitsje. In saai, drûch, miskien lestich ûnderwerp omtoverje oant in libjende tekst dy’t aardich en maklik te lêzen is foar eltsenien? Dêrfoar bist by my oan it goeie adres! Ik set wollich en ûnbegryplik om nei helder, lêsber en libjend. Dêrby brûk ik it motto: “Koart, mar krêftich”. Net te lang en yngewikkeld, mar yn ien eachopslach dúdlik wêr’t it oer giet. Dêr gean ik foar.
SEO
Is it fan belang dat dyn tekst net allinnich goed lêsber, mar ek goed te finen is op it ynternet? Ik ha ek ûnderfining mei it skriuwen fan SEO-teksten. Leverje de sykwurden by my oan en ik soargje dat se op de goeie manier en op it goeie plak steane, sûnder dat de tekst der kwalitatyf op achterút giet.
Redigearje
Hast al in tekst lizzen, mar bist hjir noch net hielendal tefreden oer? It kin helpe om ien mei in frisse blik mei sjen te litten. Ik helje alle taal- en typflaters der foar dy út, soargje foar in dúdlike struktuer en meitsje der in goedrinnend ferhaal fan.