Tsjinsten
Studio Oog voor Taal is in kommunikaasjeadvysburo benammen spesjalisearre yn tekstskriuwen. Begjinnende en/of (middel)lytse ûndernimming en op 'e syk nei ien dy't stypje kin yn de kommunikaasje? Hjir kinst terjochte foar PR- en kommunikaasjeadvys, skriuwen en social media. Yn it Nederlânsk én yn it Frysk. Benijd nei wat Studio Oog voor Taal presys foar dy dwaan kin? Lês mear oer de tsjinsten:
Kommunikaasjeadvys
Wat is dyn ferhaal en hoe litst dyn merk oan de bûtenwrâld sen? Hoe benaderst dyn doelgroep op de júste wize, hokker kommunikaasjemiddelen brûkst dêrby? Ik tink graach mei dy mei en jou PR- en kommunikaasjeadvys.
Skriuwe
Hoe benaderst de doelgroep fia de goeie wei? Hokker toan kinst it bêste brûke? Wat foar ferhaal wolst presys fertelle? Kinst wol wat advys brûke op it mêd fan kommunikaasje, yn de breedste sin fan it wurd? Ik tink graach mei dy mei.
Social media
Om (potinsjele) klanten te bereken is social media essinsjeel. Mar hast it eins al druk genôch, wanneer moatst dêr tiid foar meitsje? Wêroer moatst allegear poste en hoe faak? Ik nim it wurk graach foar dy út hannen. Troch in kontentkalinder te meitsjen, posts passend by de kanalen te skriuwen en op de bêste mominten foar dy te pleatsen.
Fertale
Fertale: dat is folle mear as wurden oersette fan de iene nei de oare taal, it moat ek minstens sa goed klinke, en noch wichtiger, itselde betsjutte. Wolst der fansels wis fan wêze dat dyn tekst yn de doeltaal itselde betsjut as yn de boarnetaal. Wolst dyn tekst fertaald ha fan it Nederlânsk nei it Frysk, of oarsom? Ik stean foar dy klear.
Presintearje
Swittende hannen, in hege hertslach, drûge kiel… Fynst presintearjen spannend? Bist net de iennichste. Ik jou dy graach hânfetten om relaxed en selsfersekere presintearjen te kinnen. Ek help ik dy mei leafde om derfoar te soargjen datst dyn ferhaal goed oerbringst op dyn publyk en it doel fan dyn presintaasje berikst, mei flagge én wimpel.