Kommunikaasjeadvys

Wat is dyn ferhaal en hoe litst dyn merk oan de bûtenwrâld sen? Hoe benaderst dyn doelgroep op de júste wize, hokker kommunikaasjemiddelen brûkst dêrby? Ik tink graach mei dy mei en jou PR- en kommunikaasjeadvys.

PR- en kommunikaasjeadvys

Wat is dyn ferhaal en hoe litst dyn merk oan de bûtenwrâld sen? Ik help dy graach mei it op papier zetten fan in izersterk ferhaal en it foarmjen fan in krêftige strategy. Wa is dyn doelgroep en wêr is dy te finen? Wat is dyn konkurrinsjeposysje? Hokker middelen kinst it bêste ynsette foar dyn PR?

Taal

Wannear’tst dyn webside boust, nijsberjochten ferstjoerst, social media posts pleatst, of in oare aktiviteit útfierst dy’t te krijen hat mei de kommunikaasje mei dyn doelgroep, is it wichtich datst neitinkst oer de taal. Sprekst dyn doelgroep oan mei ‘jo’ of mei ‘do’? Wolst persoanlik oerkomme, of profesjoneel, of beide? Ik tink graach mei dy mei en soargje derfoar datst dyn boadskip op in passende manier oerbringst.

De útfiering yn

Nei it foarmjen fan in goed advys lit ik dy net yn de steek. Ha we in plan op papier stean? Dan help ik fansels mei leafde mei de útfiering dêrfan. Ik wurkje de kommunikaasjemiddelen foar dy út, skriuw teksten, behear social media kanalen. Troch ferskillende gearwurkingen mei ûnder oaren webbouwers en foarmjouwers kin ik dy hast folslein ûntsoargje. Lês by myn oare tsjinsten wat ik allegear foar dy dwaan kin, of nim kontakt mei my op om dyn fragen te stellen.

Sin oan in bakje tee en in goed petear?

Ik skriuw ek in Blog