Studio Oog voor Taal

Studio Oog voor Taal is in kommunikaasjeadvysburo benammen spesjalisearre yn tekstskriuwen. Begjinnende en/of (middel)lytse ûndernimming en op 'e syk nei ien dy't stypje kin yn de kommunikaasje?

Hjir kinst terjochte foar PR- en kommunikaasjeadvys, skriuwen en social media. Yn it Nederlânsk én yn it Frysk. Benijd nei wat Studio Oog voor Taal presys foar dy dwaan kin? Lês mear oer de tsjinsten:


Sy hat der each foar...

Oer Iris 

“Dêr’t de ien earst foarsichtich mei syn grutte tean fielt wat de temperatuer fan it wetter is, nimt Iris der daliks in entûsjaste, djippe dûk yn!”. Sa beskreaun myn liedingjaande my ea yn myn earste staazje. Noch altyd in moaie, passende omskriuwing foar hoe’t ik oer it algemien yn it libben stean. As wiere 'multi passionate' krij ik der enerzjy fan om mei meerdere dingen tagelyk dwaande te wêzen en leare te bliuwen, ûntdekke te bliuwen.

Ik ha de bachelor Nederlânske Taal en Kultuer ôfrûne en yn dy bachelor de minor Frysk folge. Dêrnei ha ik twa Masters dien: Kommunikaasje & Edukaasje en Neerlandistiek. Ik ha as Junior Kommunikaasjeadviseur wurke by Senza Communicatie en ha ûnderdiel west fan Team Publyk by Omrop Fryslân. Ek ha ik in oantal blokken les jûn op TU Delft oan it Ynstitút foar Talen en Akademyske Feardichheden.

Kennis en ûnderfining kombineare mei Studio Oog voor Taal 

No wurkje ik as Marketeer by Zwartwoud yn Grins. In baan dêr't ik lokkich fan wurd, omdat der yn dizze funksje in grutte fariaasje oan wurksumens foar my liet en ik alle romte en betrouwen krij om dizze funksje op myn eigen wize yn te foljen.

 

Ik hâld my dus graach dwaande mei ferskillende dingen tagelyk. En mei dizze moaie samling oan ûnderfiningen en kombinaasje fan feardichheden, kin dat lokkich ek. Mei dêrom is Studio Oog voor Taal ûntstien: sadat ik my reist myn baan yn leantsjinst ek dwaande hâlde kin mei oare opdrachtjouwers, oare opdrachten en oare tema's.

Hast in begjinnende of (middel)lytse ûndernimmiug en bist op 'e syk nei ien dy't dy helpe kin mei PR- of kommunikaasjeadvys, tekstskriuwen, of stypjen by social media? Ik help dy graach!

"As multi passionate krij ik der enerzjy fan om leare te bliuwen, ûntdekke te bliuwen"

Ik bied myn tsjinsten sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk oan, want ik fiel my fan beide like folle. Webside yn it Nederlânsk lêze? Klik op de knop hjirûnder! 

Wurke(t) mei en foar:

Ofspraak meitsje? By my of by dy? Sis it mar!

FRLFrysk